Nij Thialf is "prachtige hal, mar graach wat minder lûd"

26 jan 2017 - 21:52

It nije Thialf is prachtich wurden, fine Wolter Brink en Tjeerd Bouma. Al jierrenlang betsjinje se frijwillich it rondeboerd en lûke se oan de 'lêste-ronde-bel' yn de iishal. 'It nije Thialf is moaier wurden, mar it lûd is wol hurd', fynt Wolter. Syn kollega Tjeerd fynt it ek in foarútgong, al mocht fan him de muzyk ek wol wat minder lûd. 'Mar dat sil wol oan my lizze', seit Tjeerd.

Wolter fertelt dat hy noch wit hoe't it wie om mei rein op de tribune fan Thialf te sitten. 'No sitte jo yn in iishal."

Tjeerd is ek wiis mei de nije iishal en "boppe-al, de reedriders binne der tefreden mei en dêr dogge jo it foar.".

Ek yn it nije Thialf klinkt de bel goed troch. En dat is ek mar better, want it lieden fan de koperen bel is in wichtige saak. "Ek nei 500 meter meie wy de bel liede, mar op de 3, 5 en seker 10 kilometer is it noch wichtiger. De riders reitsje dan gau kwyt yn hokker ronde se sitte", sa seit Tjeerd.

De mannen binne noch lang net útbelle yn Thialf en bliuwe salang't it kin oan it toutsje lûken.

Trefwurden: 
Thialf iishal reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)