VC Snits rekkenet ôf mei US Amsterdam en berikt bekerfinale

VC Snits (hjir op argyffoto) © Martin de Jong
De follybalfroulju fan VC Snits stean yn de finale fan de beker. De froulju fan Snits moasten tongersdei yn it twadde wedstriid fan de heale finale ôfrekkenje mei US út Amsterdam. De thúswedstriid yn Snits waard ferline wike wûn troch de thúsploech mei 3-1. Mar it waard spannend yn Amsterdam. De winst yn de earse set gie mei 25-23 nei US. De twadde set wie foar de Snitsers mei 15-25. De tredde set waard wer ferlern mei 25-23, mar yn de fjirde set koe VC Snits dochs mei 14-25 US oan de kant sette. De lêste set wie foar US mei 15-9.
VC Snits moetet yn de bekerfinale Sliedrecht Sport.