Beyers Naudé erkend as 'Verrijkt VWO' troch ministearje

26 jan 2017 - 21:15
It Beyers Naudé yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hat fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip it predikaat 'Verrijkt VWO' krige. De skoalle hie in oanfraach foar it predikaat dien. Dêrop is de skoalle troch it ministearje toetst. Op basis fan de resultaten fan dit ûndersyk is in advys útbrocht oan de minister. De minister hat it advys oernaam.

It Beyers Naudé is de twadde skoalle yn Fryslân dy't de titel 'Verrijkt VWO' krigen hat. It Stellingwerf College yn Easterwâlde is de oare.

It Beyers Naudé kriget it predikaat om't learlingen njonken de lessen ek meidwaan kinne oan saken lykas in skoalleklup, de skoallekrante, in skaakklup, de learlingeried, it skoalle-orkest, in debatklup en ferskate sportaktiviteiten.

It Ljouwerter gymnasium is ek útroppen ta bêste VWO-skoalle yn Fryslân. Se stean boppe-oan yn de list fan bêste skoallen fan it blêd Elsevier. Beyers Naudé kriget fan Elsevier de beoardieling 'goed'. Se krije dizze beoardieling op basis fan sifers fan de ynspeksje.

(advertinsje)
(advertinsje)