Protte emoasjes oer komst wynmûnepark kop Ofslútdyk

De emoasjes rûnen tongersdeitejûn heech op op de ynformaasjegearkomste fan de provinsje Fryslân, Nuon en de inisjatyfnimmers fan it grutte wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. Yn Wûns koene omwenners sjen hoe't de plannen derút sjogge en útlis krije oer de prosedueres dy't deroan sitte te kommen.
In protte minsken op de gearkomste wiene lilk en teloarsteld. Se fine dat de boargers fierste min belutsen binne by de plannen en fiele dat it park har troch de strôt treaun wurdt.
De jûn wie bedoeld om minsken dúdlik te meitsjen hoe't se noch ynfloed útoefenje kinne op de bou fan it park. De measte oanwêzigen leauwe lykwols net dat der noch wat oan te feroarjen falt.