Prosesje The Passion binnen healoere fol kwa oanmeldings

In eardere edysje fan The Passion © ANP
Ljouwert en Fryslân lykje goed waarm te rinnen foar it Bibelske spektakel The Passion. Yn in healoere tiid wiene alle 750 plakken foar de prosesje ferjûn. Neffens in wurdfierder fan de EO is it noch nea earder sa hurd gien. De ynskriuwing foar The Passion gie tongersdei om 18:00 oere iepen.
It peaskeferhaal oer de lêste oeren fan Jezus, dat troch bekende Nederlânske artysten útbylde en songen wurdt, is dit jier alwer foar de sânde kear op telefyzje. By it spektakel wurdt in ljochtjaand krús troch de stêd droegen.