FIDEO: Cambuur, de dei nei de histoaryske wedstriid
Fjoerwurk, gûlende fans, dûnsjende spilers en sjoernalisten mei hertkloppingen. De bekerwedstriid tusken Utrecht en Cambuur woansdei rûn út op in healwize jûn wêrby't de Ljouwerters úteinlik nei strafskoppen de sterkste wiene. In histoaryske jûn, want foar it earst stiet Cambuur yn de heale finale fan de KNVB beker.