Plannen foar kleaster Skiermûntseach falle net by elk goed

26 jan 2017 - 17:54

De definitive plannen foar it nije kleaster op Skiermûntseach soargje foar diskusje op it eilân. It nije kleaster moat in modern en markant punt op it eilân wurde. De Sistersiënzer mûntsen dy't in jier lyn nei Skiermûntseach ferhuzen, presintearren fan 'e wike de plannen.

Sintraal yn it ûntwerp stiet de bidromte. Dat part fan it gebou krijt in toer fan hast fjirtjin meter heech en dat is in opfallend punt middenyn de natuer. Mar dat is hoe't minsken it hawwe wolle, seit broeder Alberic, de abt fan de oarder tsjin RTV Noord.

Natuerlike materialen

Om it bidplak hinne komme njoggen romten foar de mûntsen sels. Der kinne mear romten bymakke wurde, ta maksimaal trettjin of fjirtjin. It is de bedoeling dat der safolle mooglik natuerlike materialen brûkt wurde by de bou, en dat de bygebouwen sinnepanielen krije. Dochs binne guon omwenners net te sprekken oer de plannen.

"Van de zotte"

RTV Noord prate by de gearkomste oer de plannen ek mei Grinslanner Rense Mandema. Hy hat al jierren in fakânsjehûske op it eilân. "Het is niet alleen bizar dat de gemeente mee lijkt te willen werken aan de bouw van een klooster op deze locatie waar door niemand gebouwd mag worden," sa seit de Grinslanner. "Maar dat daar een toren van veertien meter bovenuit steekt, is pas echt van de zotte!"

2018

As alles goed giet, binne alle fergunningen oan de ein fan dit jier klear en kin takom jier úteinset wurde mei de bou. Ein 2018 soene de mûntsen dan yn harren nije kleaster wenje kinne.

Trefwurden: 
klooster Schiermonnikoog
(Advertinsje)
(Advertinsje)