Dokkumse moat de sel yn foar drugsferkeap

26 jan 2017 - 17:50
Foto: Omrop Fryslân

In 27-jierrige frou út Dokkum hat 51 dagen sel krigen yn foar it ferkeapjen fan drugs. Se hat ek 270 dagen finzenisstraf ûnder betingst krigen. De frou hat oardel jier lang weed en hasj ferkocht oan de jeugd yn Dokkum. Sels wenne se doe ek yn de stêd. Ek hie se xtc en speed yn de oanbieding.

De frou kaam begjin ferline jier yn byld by ien fan de drugsûndersiken yn Noardeast-Fryslân. Sûnt har oanhâlding hat se har libben wer op de rit krigen. De frou hat de selstraf fan 51 dagen al útsitten yn foararrest.

Trefwurden: 
drugsferkeap selstraf Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)