FNP komt yn aksje foar pontsje by Skûlenboarch

26 jan 2017 - 17:37
Skûlenboarch

De FNP-steatefraksje wol dat Skûlenboarch toch in pontsje krijt. Ferline wike waard de brêge oer it Prinses Margrietkanaal stikken fearn en sûnt dy tiid moatte de minsken fiif kilometer omride.

Rykswettersteat wol neat dwaan, omdat temin minsken gebrûk meitsje fan de ferbining en omdat it te djoer is. De FNP fynt dat gjin goede arguminten. Sy fine dat de oerlêst foar de minsken en de mooglike ekonomyske skea sintraal stean moat. De FNP wol dat de provinsje, de gemeente en de lokale mienskip ferhaal helje by Rykswettersteat.

Trefwurden: 
brêge Skûlenboarch pont FNP
(Advertinsje)
(Advertinsje)