Sâltsoer wurdt by de REC yn Harns net mear metten

Offaloven REC yn Harns
It mjitten fan sâltsoer yn de omjouwing fan de ôffaloven yn Harns is troch problemen mei de mjitapparatuer stillein. De apparatuer wie net betrouber en foel sa no en dan út. It is no weromstjoerd nei de leveransier. It is de bedoeling dat de mjittings sa gau mooglik wer begjinne.
Foar it mjitten hiene meiwurkers fan fiif omlizzende bedriuwen draachbere kastkes krigen dy't útslaan by in te hege konsintraasje sâltsoer. It giet om bedriuwen dy't yn in striel fan 1 kilometer om de ôffaloven sitte.
Piken yn 'e útstjit
It mjitten fan de sâltsoer is ûnderdiel fan it luchtkwaliteitsûndersyk yn de omjouwing fan de REC. It ûndersyk is twa moanne lyn úteinset. Neist de sâltsoermjittings binne der op twa plakken ek noch mjitkabines pleatst dy't ferskate oare stoffen mjitte, lykas fynstof en koalmonokside. It ûndersyk lit neffens it REC-loket fan de gemeente Harns gjin bysûnderheden sjen, op in oantal piken yn de útstjit nei. Dit wurdt no fierder ûndersocht, oer in pear wike komt hjir mear dúdlikheid oer. De gemeente Harns is opdrachtjouwer foar it luchtkwaliteitsûndersyk dat as doel hat om de ûngerêstheid by de omwenners fan ôffaloven wei te nimmen.
Nije steurings
Yn desimber wie der in steuring yn de ôffaloven troch in lekkaazje yn de tsjettel. By it opstarten fan de ôffaloven op 24 desimber is de bypass brûkt. Hjirtroch binne ûnfiltere stoffen yn de loft kommen. Der wurdt noch ûndersocht hoefolle dioksine der doe frijkaam is. Twa dagen letter hat de oven ek even stillein, fanwege in brok yn it dosearsysteem. Hjirtroch koe it ôffal net mear nei de ferbaarningsoven transportearre wurde. Doe binne der gjin hegere útstjitsifers metten by it opstarten fan de REC.
Brantsje
Ferline wike wie der in brantsje yn de ôffaloven. Troch in smeulend stikje jiske rekke in trechter ferstoppe, wêrtroch der ekstra smook yn de tsjettel kaam. De brânwacht hat it útmakke. Neffens de provinsje sil Omrin it foarfal yntern evaluearje en de útkomsten oan de provinsje witte litte. Dy sil dan sjen oft alles wetlik goed gien is.
Ferbetteringen
Omrin, provinsje, gemeente Harns en oare belutsenen binne sûnt in grutte steuring yn 2015 dwaande de ôffaloven feiliger te meitsjen. By de ûnderhâldsstop fan de ôffaloven yn april sille taseine oanpassingen dien wurde.