Ljouwerter frijsprutsen troch flater Iepenbier Mininstearje

26 jan 2017 - 17:17
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In Ljouwerter (33) is tongersdei frijsprutsen troch in flater fan it Iepenbier Ministearje. Hy moast foarkomme foar in ynbraak yn in fakânsjehúske op rekreaasjegebiet De Potten by Snits. Dêrby binne telefyzjes meinaam. Dy ynbraak soe er tegearre mei in freon út Snits dien hawwe. De Ljouwerter soe lykwols allinnich mar guod fersjoud hawwe út it húske wei, mar hy moast foarkomme foar stellerij.

De plysjerjochter fûn dat syn oandiel net grut genôch wie. De 'meihelpfariant' wie net troch it IM op de papieren set en dus waard er frijsprutsen.

Immen kin net feroardiele wurde foar eat dat net op de daging stiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)