Bistebeskerming fynt opsletten katten yn kninehokken

26 jan 2017 - 15:44

De bistebeskerming hat ferline wike yn Opsterlân fjouwer katten yn beslach naam, dy't yn kninehokken hâlden waarden. De hokken wiene smoarch en de katten waarden net goed fersoarge. Ien fan har hie de fuotsoallen hielendal stikken.

De bistebeskerming hie der in dei earder ek al west en de eigeners warskôge dat se de bisten better fersoargje moasten. Sa krigen se de opdracht om in bistedokter yn te skeakeljen. Doe't bliken die dat der neat dien wie, binne de katten meinaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)