Opsporing Verzocht smyt tsien tips oer sjitpartij op

26 jan 2017 - 15:19
De fertochte Charles Reinier van der Wouden yn 2015

De plysje hat tsien tips krige oer de sjitterij fan trije wiken lyn op it parkearterrein fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De saak krige tiisdeitejûn omtinken yn it programma Opsporing Verzocht. Dêr waard ek de folsleine namme bekend makke en in foto fan de fertochte toand.

By de sjitterij rekke Clafisdirekteur Bert Jonker ferwûne oan de hân. De plysje sil de tips fierder ûndersykje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)