Fortuin Dokkum wol Tiger-pipermunt oernimme

Snobbersguodfabryk Fortuin yn Dokkum wol it bedriuw Senzora Confectionery yn Deventer oernimme. Senzora is ûnder oare bekend fan de Tiger pipermunt. Mei de oername ûntstiet neffens beide bedriuwen in folslein oanbod oan snobbersguod, lykas pipermunt, fruchtehertsjes en salmiaksuertsjes.
Sensoza produsearret njonken snobbersguod ek waskmiddels, mar seach it net mear sitten om mei beide troch te gean. De oername is nei alle gedachten yn july hielendal rûn.