Boeren én miljeuklup yn aksje foar bettere molkepriis

26 jan 2017 - 13:52

De supermerken moatte de boeren mear foar de molke betelje. As de supermerken gjin ôfspraken meitsje wolle oer in garandearre minimumpriis fan 37 sint de liter, komme der aksjes om dy supermerken ûnder druk te setten. Dat stiet yn in manifest dat tongersdei ûndertekene is mei boerenetwurk Grondig, de Dutch Dairymen Board, de Nederlandse Melkveehouders Vakbond en Milieudefensie. It giet om in opmerklike alliânsje, want yn it ferline hiene Milieudefensie en de boeren ek wolris spul mei-inoar. Mar Milieudefensie wol de boeren no stypje.

De miljeuklup begrypt dat boeren allinnich mar ynvestearje kinne yn in miljeufreonlike wize fan produsearjen, as se in 'earlike priis' foar de molke krije. Milieudefensie beskôget 37 sinten de liter as in minimumpriis. Om de boeren by steat te stellen om miljeufreonlik te wurkjen en ek rekken te hâlden mei de greidefûgels, soe der eins noch 4 sinten by moatte. Foar in hâldbere molkeproduksje soe 41 sinten in reedlike priis wêze, sa fine de organisaasjes.

De molkepriis is dizze moanne 34,5 eurosint, yn 'e simmer wie it mar 25 sinten. Dy priis leit neffens de lânbou-ekonomen fier ûnder kostpriis en is foar in soad boeren net fol te hâlden. In soad boeren fine dat de supermerken 'gjin earlike priis' betelje en meitsje har drok oer de saneamde 'macht fan de supermerk'. It slagget boere-organisaasjes oant no ta net om dêr trochhinne te brekken, mar no wolle boeren én miljeuaktivisten besykje om mei-inoar de supermerken oan te pakken. De partijen sille earst mei de supermerken yn petear gean, mar as dat neat opsmyt komme der yn 'e rin fan it jier aksjes.

Der is al in aksjewebside, dêr't minsken dy't oan takomstige aksjes meidwaan wolle har melde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)