Unike fynst: de folsleine ûnderdûk-administraasje fan Snits

26 jan 2017 - 12:24

De folsleine ûnderdûkadministraasje fan Snits is fûn achter it oargel fan de tsjerke fan Burchwert. De papieren binne by histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert brocht en dy sprekke fan in 'unike fynst'. It giet om sa'n 15.000 kaarten út De Twadde Wrâldoarloch, dêr't alle gegevens fan sa'n 2000 ûnderdûkers yn Snits op stean. Nei de oarloch binne de kaarten ferstoppe yn de tsjerke fan Burchwert.

Neffens Otto Kuipers fan Tresoar is it in unike fynst, omdat per persoan meardere kaarten oanmakke binne dêr't alles op stiet.

De kaarten kamen foar it ljocht neidat de stichting Snits 40-45 frege waard oft sy noch ûnderdûkadressen wisten. Sy wisten dat de kaarten yn Burchwert dellein wiene.

Neffens Kuipers jout it oan dat der noch in soad materiaal út de oarloch by minsken thús leit. Hy hopet dan ek dat minsken sykjen bliuwe oft der hjir of dêr noch saken lizze. De kommende tiid wurdt it argyf digitalisearre. Mids april komt dy argiven online te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)