''Pauguozzen moatte earder werom nei de poalsirkel''

26 jan 2017 - 11:27

Pauguozzen soene winterdeis earder weromgean moatte nei har briedplakken yn de poalsirkel, om foar te kommen dat se hjir by ús tefolle skea feroarsaakje. Dat is ien fan de ideeën dêr't boeren, jagers, natuerorganisaasjes en de provinsje oer prate. De provinsje wol net mear safolle jild útjaan oan it fergoedzjen fan de skea. En dan moatte der oplossingen komme.

Jagers kinne bygelyks mear romte krije, of der moat soarge wurde dat de guozzen earder fuortgean. Boeren, natuerorganisaasjes, jagers en de provinsje prate ynkoarten oer de fraach oft it guozzebelied wurket. Se besykje it dan iens te wurden oer in nije oanpak, dy't de provinsje minder jild kostet.

Trefwurden: 
pauguozzen guozzen skea
(Advertinsje)
(Advertinsje)