Hearrenfean: gjin leezjes foar duorsume inisjativen

26 jan 2017 - 10:32

Ynwenners en bedriuwen dy't mei duorsume inisjativen komme, hoege fan de gemeente Hearrenfean gjin leezjes te beteljen. Der is wol in maksimum fan 50.000 euro oan ferbûn. Hearrenfean wol neffens wethâlder Siebren Siebenga graach in enerzjyneutrale gemeente wurde en dêrby hat de gemeente de plannen fan ynwenners nedich.

It giet om plannen foar it opwekken fan duorsume enerzjy, lykas enerzjy helje út sinne, waarmte, wyn en biomassa. Enerzjyneutrale nijbouprojekten wurde diels frijsteld fan leezjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)