Ynbraak yn fiskwinkel Ljouwert, Poal (32) oanhâlden

26 jan 2017 - 10:07
Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn in 32-jierrige Poal oanhâlden, dy't ynbrutsen hie yn in fiskwinkel oan de Tunen. Tsjûgen bellen de plysje nei't se sjoen hienen dat de man in rút fernielde en deryn gie. Troch it goede sinjalemint koe de plysje de man efkes letter op de Twibaksmerk oanhâlde.

De man hie himsels ferwûne oan it glês en moast earst yn it sikehûs behannele wurde.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbrekker
(Advertinsje)
(Advertinsje)