Drankrider (25) oppakt yn Ljouwerter binnenstêd

26 jan 2017 - 07:49
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitenacht in 25-jierrige man út de gemeente Smellingerlân oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol. Plysjes krigen in melding dat in persoan mei drank op efter it stjoer stapt wie. Op de Van Swietenstrjitte kamen se de man tsjin en nei in blaastest moast er mei nei it buro.

De man krige in rydferbod foar ien oere en in boete fan 225 euro. Ek moat er in kursus folgje by it CBR.

De plysje hat woansdeitejûn by kontrôles op de A7 by Snits en De Jouwer twa rydbewizen ynnaam. De bestjoerders rieden mear as 50 kilometer te hurd op it plak dêr't 70 kilometer it maksimum is. De plysje warskôget dat dizze snelheid de hiele dei jildt.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drankrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)