Jan Smink: ''Tefreden, mar hie wol wat mear hope''

26 jan 2017 - 06:47

''Wy binne tefreden, mar hienen miskien wol op wat mear hope.'' Dat seit topkok Jan Smink fan Wolvegea nei ôfrin fan de Bocuse d'Or, de grutste itensiederswedstriid fan 'e wrâld. Smink einige woansdei op it alfde plak, fan de yn totaal 24 dielnimmende lannen. Yn it Frânske Lyon foarme er it Nederlânske team, mei syn kommys Sander Verhaaf en coach Lars Aukema.

''It maksimale''

''Twa jier lyn wienen wy njoggende,'' seit Smink. ''No binne wy alfde wurden, mei mar twa punten punten ferskil op de nûmer njoggen. Dochs binne wy tefreden. Fan alle lannen hawwe wy ien fan de leechste budzjetten. Eins is sa'n plak it maksimale.''

''Sit der alwer op''

Foar it Nederlânske team ferrûn de wedstriid fierder goed, op ien puntsje nei. ''Der gie in waarmtelampe stikken,'' neffens de Wolvegeaster. ''Dêrmei hawwe wy wol wat tiid ferlern, mar alles kaam dochs noch goed. Libbest der sa'n skoft nei ta en no sit de Bocuse d'Or der alwer op.'' 

(Advertinsje)
(Advertinsje)