"Die gemiste kans schoot nog wel even door mijn hoofd"

25 jan 2017 - 23:53

Balende spilers by SC Hearrenfean, neidat de Feansters woansdeitejûn de kwartfinale fan it bekertoernoai ferlearen fan AZ. Yn Alkmaar waard it 1-0 foar de thúsploech.

En dat wylst Hearrenfean bêst wat kânsen krige. Bygelyks Stefano Marzo. In pear minuten nei't hy in grutte kâns miste, kaam AZ op foarsprong. "Ja, die gemiste kans schoot toen wel even door mijn hoofd."

Frustraasje

"Aan het spel ligt het niet", sei Marzo fierder. Hy doelde dêrmei op de kânsen dy't SC Hearrenfean kreëarre. "Zelfs na de 1-0 kon het nog. We wisten zelf van de wedstrijd tegen PSV afgelopen zondag dat het mogelijk is om in de laatste paar minuten twee keer te scoren."

Dochs slagge it net. Frustraasje wie ek dat it doelpunt fan AZ wer foel nei in standertsitewaasje. "Daar moeten we wel wat aandacht aan besteden", fûn Marzo.

"Hadden moeten winnen"

Trainer Jurgen Streppel fûn dat syn ploech winnen moatten hie. "Ik heb wel genoten van het voetbal dat mijn ploeg liet zien en ik ben erg ontevreden over het verlies. We hadden veel vaker de trekker moeten overhalen. En als je dan hoort welke ploegen nog in de beker zitten, is dit wel extra zuur."

(Advertinsje)
(Advertinsje)