Monteiro: "Ik wilde die penalty zo snel mogelijk nemen"

"Dit is er eentje om bij te schrijven." De bliidskip by de spilers en trainer fan Cambuur is grut, nei de winst op FC Utrecht yn de kwartfinale fan it KNVB bekertoernoai. Histoarysk, want Cambuur helle noch nea de heale finale fan de beker.
"Dit vergeet je niet weer. Zo bijzonder en uniek om mee te maken. Dit gaan we wel even vieren", sei Cambuur-oanfierder Erik Bakker.
"Keeper telkens naar rechts"
Foar Farshad Noor wie de opluchting ekstra grut. Neidat Utrecht twa penaltys mist hie, koe hy de beslissende strafskop skoare. Mar ek hy miste. "Dan loop je wel met een kutgevoel terug naar de groep. Gelukkig vingen ze me heel goed op."
Hoe oars wie dat foar Jamiro Monteiro, dy't úteinlik de beslissende penalty scoarde. "Supermooi om mee te maken. Het was een heel eind van de middencirkel naar de penaltystip. Ik liep er snel heen, wilde de penalty ook zo snel mogelijk nemen."
Monteiro hie goed op de Utrecht-keeper letten. "Hij dook elke keer naar rechts, dus ik wist dat ik hem links in wilde schieten. En dat lukte."
"Geluk afgedwongen"
Foar keeper Leonard Nienhuis wie de penaltysearje ek hiel spannend. "Als je dan ziet dat Noor mist, dan ga je wel bijna door de grond. Maar we hebben het geluk denk ik wel een beetje afgedwongen.
Trainer Sipke Hulshoff koe net oars as grutsk wêze op syn ploech. "We sitte yn in moaie opwaartse spiraal. Nei de lykmakker fan Utrecht kaam it oan op mentaliteit. Doe't Utrecht yn de ferlinging twa grutte kânsen miste, wist ik: 'no pakke we him'. En gelokkich wie dat ek sa."