SC Hearrenfean giet ûnderút yn de beker tsjin AZ

25 jan 2017 - 22:35

SC Hearrenfean is útskeakele yn it KNVB bekertoernoai. De Feansters gongen woansdeitejûn yn de kwartfinale mei 1-0 ûnderút tsjin AZ. Ferdigener Luckassen makke de iennichste goal fan de wedstriid.

SC Hearrenfean krige wol kânsen, mar benutte dizze net. Dêrtroch is Cambuur de iennichste Fryske ploech dy't troch is nei de heale finale fan de beker.

0-0 by rêst

De earste helte wienen der wat kânsen oer en wer. Reza Ghoochannejhad sette Martin Ødegaard - dy't foar it earst yn de basis stie - frij foar de keeper, mar de Noar miste. Dêrnei krige ek AZ in pear goede kânsen, mar sawol Wout Weghorst as Ben Rienstra skeat mis.

By it skoft stie der dan ek in 0-0 tuskenstân op it skoareboerd.

Kâns Marzo

De Feansters krigen yn de twadde helte op 'e nij in pear mooglikheden om de iepeningstreffer te meitsjen. Sam Larsson en Arber Zeneli besochten it fan ôfstân, mar beide oanfallers skeaten de bal oer. Stefano Marzo krige nei 68 minuten dé kans op de 1-0 foar SC Hearrenfean. De Belgyske ferdigener koe frij ynsjitte út de rebound, nei't AZ-keeper Sergio Rochet de bal losliet, mar Marzo wie fierstente wyld en skeat oer.

Wylst Hearrenfean ticht by de iepeningstreffer wie, foel de goal oan de oare kant. AZ krige in hoekskop, dy't ynkopt waard troch Luckassen. Dy stie hielendal frij by de twadde peal en makke de 1-0 foar AZ.

Wer Luckassen

Dyselde Luckassen krige twa minuten nei de iepeningstreffer ek in goede mooglikheid op de 2-0. Hy spile himsels knap frij en koe allinnich op Hearrenfean-keeper Erwin Mulder ôf, mar Luckassen koe de holle net koel hâlde en skeat oer. Hearrenfean besocht it yn de slotfaze noch wol, mar grutte kansen smiet dat net mear op. Dêrtroch bleau it 1-0 foar AZ.

(Advertinsje)
(Advertinsje)