Tuchtkolleezje: "Húsdokter hannele wol goed"

25 jan 2017 - 21:44
Húsdokter - Foto: ANP XTRA

It Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch fynt dat in húsdokter fan It Hearrenfean net ferwiten wurde kin dat dy in harsenynfarkt by in pasjint oer de holle sjoen hat. De pasjint wie nei de tuchtrjochter stapt om't er fynt dat de húsdokter net de goede diagnoaze steld hat.

Ek fynt er it net kinnen dat de dokter net foar ferfier nei it sikehûs soarge hat en dat de dokter in nije húsdokter ynformearre hat oer de gong fan saken by it harsenynfarkt. It tuchtkolleezje is it dêr lykwols net mei iens.

Neffens it kolleezje koenen de klachten fan de pasjint ek wize kinne op gewoane duzelichheid. Ek de neurolooch tocht hjir yn earste ynstânsje oan. Der waard gjin ambulânse foar de pasjint ynset, om't de klachten op dat stuit noch net sa slim liken. Boppedat joech de man sels oan dat syn freondinne him nei it sikehûs ride soe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)