Cambuur foar it earst nei heale finale yn 'e beker

25 jan 2017 - 21:16

SC Cambuur is der woansdeitejûn nei in thriller tjin FC Utrecht yn slagge foar it earst de heale finale fan it KNVB bekertoernoai te heljen. Nei de ferlinging stie it 2-2, dus de beslissing kaam nei penaltys: 7-6 foar Cambuur.

Ien fan de bepalende mominten wie de 75e minút. Doe joech skiedsrjochter Pol van Boekel in penalty oan FC Utrecht, mar de fideoskiedsrjochter luts dat beslút yn twivel. It wie foar it alderearst dat de fideoskiedsrjochter njonken it fuotbalfjild siet. Nei it sjen fan de bylden joech Van Boekel úteinlik gjin penalty.

De begjinfaze wie folslein yn lykwicht. Der barde net in soad yn Stadion Galgenwaard. De earste kear dat Leonard Nienhuis yngripe moast, wie nei hast in healoere spyljen. De Cambuur-keeper koe in skot fan Yassine Ayoub ta hoekskop ferwurkje. Derút makke Utrecht de iepeningstreffer en dy waard makke troch útrekkene âld-Cambuurspiler Leeuwin. Hy kopte de 1-0 yn de goal.

Richairo Zivkovic hie de skoare foar it skoft ferdûbelje kinnen foar Utrecht, mar Robbert Schilder koe de bal fan de line helje. Foar Cambuur wie Martijn Barto gefaarlik, mar Utrecht-doelman David Jensen koe it skot tsjinhâlde.

Penalty foar Cambuur

Yn de twadde helte wie it in raketstart foar Cambuur. Al nei in minút krige de ploech fan trainer Sipke Hulshoff in penalty, neidat Ayoub Barto ûnderúthelle yn de 16 meter. Bakker skeat de strafskop binnen: 1-1. Utrecht like dêrnei wer op foarsprong te kommen, mar Marvin Peersman koe de bal fan de line helje.

Nei 67 minuten sette Barto Cambuur op foarsprong. Hy kopte de rebound binnen nei't in kopbal op de peal belâne.

Fideoskiedsrjochter: gjin penalty

Yn de slotfaze like Utrecht in perfekte kâns te krijen om op likense hichte te kommen. Skiedsrjochter Pol van Boekel joech nammentlik in strafskop. Mar dat beslút luts de skiedsrjochter werom, nei't er fia de fideoskiedsrjochter de bylden besjoen hie.

Tsien minuten foar tiid kaam Cambuur opnij goed wei, want in skot fan Nacer Barazite rekke de peal. Dochs foel in minút foar tiid de 2-2. Giovanni Troupée kopte de lykmakker yn de goal. Dêrtroch moasten beide ploegen in ferlinging spylje.

Kânsen foar Utrecht

Dêryn krige Sébastien Haller de beste mooglikheid. Hy koe allinnich ôf op Nienhuis, mar syn ynset gie njonken de goal. Xander Houtkoop wie mei in frije traap gefaarlik foar Cambuur, mar Jensen koe in goal foar Cambuur foarkomme. Kristoffer Peterson wie yn de twadde helte fan de ferlinging noch tichtby in doelpunt, mar de latte stie  yn it paad.

Dus moasten penaltys de beslissing bringe. Ald-Cambuurspiler Ramon Leeuwin, Willem Jansen en Kristoffer Peterson misten foar de thúsploech, Houtkoop, Farshad Noor misten foar de Ljouwerters. Foar Cambuur namen fierder Erik Bakker, Robert Schilder, Jergé Hoefdraad, Marvin Peersman, Martijn Barto, Stefano Lilipaly en Jamiro Monteiro in penalty.

(advertinsje)