Jan Smink hellet 11e plak op Bocuse d'Or

25 jan 2017 - 19:49

Topkok Jan Smink fan Wolvegea is woansdei 11e wurden by de Bocuse d'Or, de grutste itensiederswedstriid fan 'e wrâld. Smink foarme yn it Frânske Lyon it Nederlânske team mei syn kommys Sander Verhaaf en coach Lars Aukema.

De wedstriid waard wûn troch Amearika. Noarwegen waard twadde, it brûns wie foar Yslân.

Smink die twa kear earder mei. Earst waard hy alfde as assistint fan Marco Poldervaart, twa jier lien stie hy sels oan it roer en waard hy njoggende. Dat wie it bêste resultaat ea foar it Nederlânske team.

Smink hie as doel foar dit jier om yn de top 5 te einigjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)