Winaam en Peins út sâltoerlis

Spandoek
De Doarpsbelangen fan Winaam en Peins binne út it oerlis oer de gefolgen fan de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân stapt. Yn de kommisje sitte ûnder oare de provinsje, ferskate doarpsbelangen en natuer- en miljeu-organisaasjes om te besjen wat de skea is en hoe't dy fergoede wurde moat. Neffens de beide Doarpsbelangen komme de doarpen as lêste oan bar by it takennen fan skeafergoeding. Boppedat krijt Frisia dochs wer in fergunning om by Tsjummearum sâlt te winnen.