GrienLinks krijt stipe yn oprop ta flechtlingehelp

25 jan 2017 - 18:48

Provinsjale Steaten stiet yn mearderheid efter de oprop fan GrienLinks, om it Ryk te freegjen sa gau as mooglik de flechtlingen te helpen dy't fêstsitte op de Grykske eilannen. Allinnich VVD, FNP, PVV en de Fryske Frijheids Partij wiene tsjin de oprop fan Retze van der Honing (GrienLinks).

VVD en FNP fine dat de provinsje net oer dit ûnderwerp giet. It bêste wat de steateleden dwaan kinne, is it bewurkjen fan harren eigen Twadde Keamerfraksje, sa sei fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD.

GrienLinks fynt it belangryk dat de flechtlingehelp gau op gong komt. De humanitêre help yn tefolle kampen sjit tekoart. Yn Fryslân is wol romte foar opfang. In mearderheid fan 'e Steaten roppe Deputearre Steaten no op dat troch te jaan oan it Nederlânske regear.

(advertinsje)
(advertinsje)