Tentoanstelling oer 'hoerenhondjes' yn Snitser museum

25 jan 2017 - 17:56

Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits begjint dit wykein de tentoanstelling "Ik wou dat ik twee hondjes was". Keramiken hûntsjes, faak yn duo, kinne yn alle foarmen besjoen wurde. De saneamde 'hoerenhondjes' wiene eartiids tige populêr as sûvenir fan seemanlju. Yn in soad kustplakken wiene de hûntsjes faak te sjen yn húskeamers. Ek yn Fryslân.

De term 'hoerenhondjes' komt fan de ferhalen oer de keramiken byldsjes. Se soene yn etalaazjes fan prostituees stien hawwe. De útstalling duorret oant en mei 4 juny.

(Advertinsje)
(Advertinsje)