FIDEO: Swan fljocht yn beam en sit fêst

Yn Goaiïngea is woansdeitemiddei in helpaksje yn gong setten foar in swan dy't mei syn hals fêstsiet yn in beam. De swan hie te leech flein en wie dêrby yn de beam bedarre. Dat barde om in oere as 12 oan de Goaijengeamieden. Omwenners hawwe mei de diere-ambulânse belle. Sy koene der net by mei de ljedder.
Dêrom hawwe sy de brânwacht ynskeakele. Dy kaam mei in heechwurker en hat de swan nei ûnderen helle. It die bliken dat it bist de nekke brutsen hie en al dea wie. De biste-ambulânse hat him meinommen.