Fuotballer Zoer hellet foarseleksje nasjonale dôve-alvetal

25 jan 2017 - 17:05

De dôve jeugdfuotballer Wouter Zoer fan ONT De Pein sit yn de foarseleksje fan it nasjonale dôvefuotbalalvetal. De 16-jierrige Zoer út Drachten is woansdeitemiddei yn Spakenburg foar de úteinlike seleksje.

Mocht Zoer de seleksje helje, dan mei hy mooglik dizze maitiid nei Antwerpen foar de ynterlân tsjin België.

(Advertinsje)
(Advertinsje)