Sven Kramer docht net mei oan de ploege-achterfolging op WK

25 jan 2017 - 16:55
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer docht yn febrewaris net mei yn de ploege-achterfolging by de WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Bûnscoach Geert Kuiper hat woansdei keazen foar Douwe de Vries, Jan Blokhuijsen en Jorrit Bergsma. Patrick Roest is oanwiisd as reserve. Kramer rjochtet him by it WK op trije ôfstannen: de 1500, 5.000 en 10.000 meter. It is foar him te drok om ek noch de ploege-achterfolging te dwaan. Om dy reden hat er ôfsein, seit Kuiper.

Itselde jildt foar Jorien Ter Mors. By de froulju ride dêrom Marrit Leenstra, Antoinette de Jong en Ireen Wüst de ploege-achterfolging. De WK ôfstannen binne fan 9 oant en mei 12 febrewaris yn Súd-Koreä. Dêr binne oer in jier ek de Olympyske reedrydwedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)