Kraantsje rekket gaslieding by graafwurk yn Sint-Nyk

25 jan 2017 - 16:48
Foto: Omrop Fryslân

In monteur fan Liander hat woansdeitemiddei in gaslek oan De Kade yn Sint-Nyk ferholpen. It lek wie ûntstien by graafwurksumheden, doe't in lyts kraantsje de húsoansluting rekke. De monteur wie tafallich yn de buert en hat fuortendaliks it lek ôfplakt en der in nije koppeling opset.

Dêrmei wie binnen in pear minuten it gefaar foar in eventuele ûntploffing foarkaam. De brânwacht fan Sint-Nyk wie yn sân haasten oproppen foar it gaslek, mar koe direkt werom nei de kazerne.

Trefwurden: 
gaslek Liander Sint-Nyk
(advertinsje)
(advertinsje)