"Evaluaasje Frysk Marreprojekt is noch te betiid"

25 jan 2017 - 16:33
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

In mearderheid fan Provinsjale Steaten fynt in evaluaasje fan it Frysk Marreprojekt noch te betiid. In oantal dielprojekten is noch net klear of noch mar krekt oplevere. Dêrnjonken hat de swiere ekonomyske resesje fan de ôfrûne jierren ek fan grutte ynfloed west op de ûntwikkeling fan de wurkgelegenheid en de bestegings troch wettersporters, sa docht bliken út eardere ûndersiken. Kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en opposysjepartijen PvdA, ChristenUnie en PVV wolle foar de definitive evaluaasje ek better mei merkpartijen prate.

Op langere termyn sille de positive effekten fan it Frysk Marreplan better sichtber wêze. It Frysk Marreprojekt is útfierd fan 2000 oant 2015. Yn totaal hat de provinsje 450 miljoen euro ynvestearre. De útfierde projekten wiene rjochte op it ferbetterjen fan de kwaliteit fan wettersportferbinings: baggerjen fan farrûtes, nije lisplakken, nije farrûtes en foarsjennings foar feiligens op it wetter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)