AB Transport mei foarearst troch mei koartere wurkwike

25 jan 2017 - 16:30
AB Transport Groep op It Hearrenfean - Foto: Google Streetview

De sjauffeurs fan AB Transport Group op It Hearrenfean binne foarearst noch net ôf fan de ferplichte wurkwike fan fjouwer dagen. De ûndernimmingsried fan AB hat woansdei in koart pleit dêroer ferlern. De wurkwike fan fjouwer dagen waard op 1 jannewaris ynfierd. It bedriuw wol sa foarkomme dat de sjauffeurs hieltyd mear oeren draaie as mei neffens de CAO.

De sjauffeurs binne it der net mei iens, omdat sy dan minder fertsjinje en faker op sneon wurkje moatte. Earder dizze moanne waard der ek al aksjefierd troch de sjauffeurs.

1250 minsken

De rjochter fynt it mieningsferskil tusken de lieding fan AB en de sjauffeurs net driuwend genôch om no yn in koart pleit in útspraak te dwaan. Neffens de rjochter is sels net útsletten dat it fjouwerdagesysteem ek yn in boaiemproseduere stânhâldt.

By AB Transport Group BV wurkje mei-inoar sa'n 1250 minsken. It bedriuw ferfiert feefoer, moal, kuolle iten en floeibere suvel en rydt foar grutte klanten lykas ForFarmers, ien fan de grutste feefoerfabrikanten fan it lân.

"Teloarstellend"

Fakbûn CNV fynt it in teloarstellende útspraak en sil, yn gearwurking mei de ûndernimmingsried fan AB, neitinke oer in boaiemproseduere.

(advertinsje)
(advertinsje)