Plysje docht hússikingen fanwegen fraude mei dong

25 jan 2017 - 16:17

In bedriuw yn in lyts doarp yn Súdwest-Fryslân is belutsen by fraude mei dong. Dat hat de plysje woansdeitemiddei bekendmakke. By it bedriuw en by in 32-jierrige meiwurker fan it bedriuw hat de miljeuplysje woansdei hússiking dien, yn gearwurking mei de Nederlands Voedsel- en Warenautoriteit (de NVWA).

It bedriuw soe him net oan de regels hâlden hawwe by it brûken en by it ferfieren fan dongstoffen. De meiwurker komt út Littenseradiel. By de hússiking binne ferskate papieren en in pear kompjûters yn beslach nommen.

Falske rekkens

De NVWA hat in grut ûndersyk yn Fryslân dien nei de dongboekhâlding by boeren. Dêrby binne by tsientallen boeren flaters ûntdutsen en neiheffingen oplein. It bedriuw yn Súdwest-Fryslân soe by de fraude in bemiddeljende rol spile hawwe.

De fertochte soe falske grûngebrûkers-ferklearringen, falske ferfierbewizen en mooglik ek falske rekkens makke hawwe. It ûndersyk rjochtet him op de jierren 2014 en 2015.

De administraasje dy't beslach nommen is, wurdt no fierder ûndersocht. Ofhinklik fan dat ûndersyk folgje mooglik ek oanhâldingen.

Trefwurden: 
fraude dong Súdwest-Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)