Floor van den Brandt: "Ik heb geen hekel aan Friesland"

25 jan 2017 - 16:05
Foto: ANP

Reedrydster Floor van den Brandt is wol deeglik bliid mei har libben yn Fryslân én mei har Fryske feint. Dat skriuwt sy op Twitter. Neffens Van den Brandt is troch it artikel yn deiblêd Trouw ûnterjochte it byld ûntstien dat sy in hekel hat oan Fryslân: "Onbedoeld is mijn Brabantse trots neergezet als anti-Friesland."

Yn Trouw stie tiisdei in artikel wêryn't de sprintster har tige kritysk útspruts oer Fryslân en de Fryske taal. Ek stie yn it artikel dat sy "helaas een Friese vriend" hat. 

Har útspraken soargen by Friezen foar de nedige argewaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)