Frysk team docht yn styl mei oan 'Battle of the Nations'

25 jan 2017 - 15:51

Aant Jelle Soepboer fan Oentsjerk docht mei oan 'Battle of the Nations'. Mei syn Fryske team hat er him kwalifisearre foar de wrâldkampioenskippen. De teams stride yn midsiuwske styl en mei midsiuwsk ark tsjin teams út oare lannen. "We fjochtsje mei echte swurden en bilen en ha harnassen oan op in slachfjild fan fiif tsjin fiif. Der gebeurt wolris wat, mar dat is ek sa by fuotbal. Dat nimme we derby, mar de skerpste rantsjes binne fan de wapens ôf" fertelt Aant Jelle Soepboer.

Yn it Fryske team sitte ek Noardfriezen en Eastfriezen út Dútslân. "Op ús outfit sitte fansels pompeblêden en we stride om it hurdst. Us biedwurd is net foar neat Leaver dea as slaaf. We fjochtsje mei ús hert, foar Fryslân." It WK is ein april yn Barcelona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)