UPDATE: Harkemase Boys krijt trije punten ôftrek

Harkemase Boys moat yn de kompetysje trije punten ynleverje. De lisinsjekommisje fan fuotbalbûn KNVB hat dat besletten. Trochdat Harkemase Boys net genôch spilers ûnder kontrakt hat, reitsje se punten kwyt.
Yn de tredde difyzje moatte klups trije spilers ûnder kontrakt hawwe en oan dy eask kin Harkemase Boys net foldwaan. Njonken Harkemase Boys moatte noch trettjin klups út de twadde en tredde difyzje trije punten ynleverje.
Yn berop
Harkemase Boys giet yn berop tsjin de straf fan de lisinsjekommisje. Dat hat foarsitter Albertus Boonstra witte litten. "We wisten dat dit deroan siet te kommen. It is foar ús finansjeel net te dwaan om trije spilers ûnder kontrakt te nimmen", fertelt Boonstra.
Harkemase Boys sil mei de oare trettjin dupearre klups oplûke. "Der hawwe al petearen west mei oare klups en de KNVB."
ONS Boso Snits
ONS Boso Sneek foldocht wol oan de easken. De Snitsers reitsje dus gjin punten kwyt. "We wiene ien fan de earste klups dy't it foar mekoar hiene", fertelt foarsitter Harm de Wagt fan ONS. "Yn it foar hawwe we al oan in soad dingen foldwaan moatten, om't we ús jeugdoplieding sertifisearre hawwe woene."
Takom seizoen moatte klups yn 'e tredde difyzje it dûbele fan no, nammentlik seis spilers, ûnder kontrakt hawwe. Dat slagget yn Snits wol, mei troch de nije haadsponsor. "Dêr lizze we net wekker fan", sa seit De Wagt, dy't it wol spitich fynt dat der no fjirtjin klups in straf krigen hawwe. "Dat gunne je net ien."