Bewenners Heerenhage binne nei de nijbou wer wolkom

25 jan 2017 - 13:08

Bewenners fan Heerenhage op It Hearrenfean kinne nei de nijbou gewoan weromkomme; der bliuwt ek nei de ynkrimping fan it tal âldereinapparteminten genôch romte oer. Dat seit direkteur-bestjoerder Désirée van Dijk-Attema fan de stifting Rendant dy't de âldereinapparteminten mei soarch ferhiert. De hierpriis giet ek net omheech. De bewenners moatte foar de nijbou twa kear ferhúzje en dat wurdt maatwurk, seit de direkteur-bestjoerder. No binne der noch 230 apparteminten, 113 dêrfan stean leech. Dy binne ferâldere en te grut of krekt te lyts.

Uteinlik komme der 130 nije apparteminten foar werom. De planning is no dat de sloop ein dit jier úteinset en dat der yn de maitiid begûn wurdt mei de nijbou.

Trefwurden: 
Heerenhage
(advertinsje)
(advertinsje)