Plysje net skuldich oan deade man op It Fean

25 jan 2017 - 12:51

Ut ûndersyk troch it NFI is dúdlik wurden dat de man dy't yn novimber op It Hearrenfean oanhâlden wie troch de plysje, oan in oerdoasis stoarn is. It hanneljen fan de plysjes by it ynsidint hat neat te krijen mei syn dea. De plysje waard alarmearre om't ien yn in hûs oan de Fok drugs brûkt ha soe en troch it lint gien wie. Doe't de plysje kaam, waard de man wat rêstiger. Op strjitte waard er wer poer en sloech er om him hinne. Nei't de plysje him ûnder kontrôle brocht hienen, waard er net goed en ûnderweis nei it sikehûs stoar de man.

Trefwurden: 
plysje dea It Hearrenfean
(advertinsje)