Fytsers rinne gefaar by rotonde Bûtenpost

25 jan 2017 - 12:44

Veilig Verkeer Nederland hat noed oer de feilichheid foar fytsers by de rotonde Lytsepost ûnder Bûtenpost. Troch de ynrjochting fan it fytspaad by de rotonde rinne fytsers gefaar. Flak neist de rotonde komme it fytspaad en in paralleldyk fan de provinsjale dyk N358 by elkoar. Om nei Bûtenpost te kinnen, moatte de fytsers de paralleldyk oerstekke. Op dizze dyk ride in soad auto's en swiere frachtweinen dy't nei it stoart geane. In soad learlingen fytse oer it fytspaad.

Neist VNN meitsje âlden har ek soargen oer dizze ferkearssitewaasje by de rotonde.

Trefwurden: 
rotonde Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)