PvdA wol krityskere hâlding fan Schrier oer boaiemdelgong

25 jan 2017 - 12:41
Foto: Omop Fryslân, Timo Jepkema

De PvdA yn Provinsjale Steaten wol dat deputearre Michiel Schrier (SP) kritysker wurdt tsjinoer it Ryk oer de boaiemdelgong ûnder de Waadsee. De PvdA stelt dat de boaiemdelong by it Pinkegat yn de Waadsee al twa jier net te ferklearjen en opfallend grut is. Steatelid Hetty Janssen wol dat deputearre Schrier krêftiger optreedt rjochting minister Henk Kamp. De delgong falt foarearst noch binnen de grinzen dy't dêr foar steld binne, mar as de NAM de kraan net tichtdraait, sil dat yn 2018 oars wêze, neffens Janssen.

Deputearre Schrier seit dat de provinsje wol kritysk is. Mar sa lang't de boaiemdelgong binnen de noarmen falt, kin de provinsje net folle dwaan. Schrier sei wol dat de NAM frege is de boaiemdelgong by it Pinkegat te ûndersykjen. Mooglik soe der sprake wêze kinne fan mjitfouten, neffens Schrier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)