Primeur: Fryske dokterseed oan RUG yn Grins

25 jan 2017 - 12:11
Foto: ANP

Marije Benedictus fan Boelensloane leit tongersdei yn it Frysk de eed ôf as dokter. Se hat genêskunde yn Grins studearre oan de Ryksuniversiteit Grins. Foar safier't bekend is, is dit de earste kear dat soks yn it Frysk dien wurdt oan de RUG. Se hat har koskippen ûnder oare yn it Antonius sikehûs yn Snits dien.

Trefwurden: 
eed RUG Marije Benedictus
(Advertinsje)
(Advertinsje)