Provinsje nimt muorreskildering Sol LeWitt mooglik oer

25 jan 2017 - 11:47
Foto: Aegon

De provinsje nimt de muorreskildering fan de Amerikaanske keunstner Sol LeWitt mooglik oer. De grutte skildering stie op in muorre yn it eardere Aegon-kantoar Leeuwenborg yn Ljouwert. Mei de ferhuzing fan de fersekerder nei in oar kantoar is de muorre mei de tekening op 'e nij sauze.

De D66-fraksje neamt it net te begripen dat dit bard is, hielendal no't Ljouwert takom jier Kulturele Haadstêd is. Aegon hat it orizjinele ûntwerp fan de tekening yn de klûs. Deputearre Sietske Poepjes oerleit oft it ûntwerp op in oar plak te skilderjen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)