Lemster Sylroedebrêge net faker as 4 kear yn de oere iepen

25 jan 2017 - 11:31

De Sylroedebrêge op 'e Lemmer sil fan dit jier ôf maksimaal 4 kear yn de oere iepen gean. Ut in proef dy't ferline jier hâlden is, die bliken dat dit it bêste is foar it ferkear op de dyk en it wetter. Dêrnjonken komt der in fideoferbining tusken de Sylroedebrêge en de brêge oer it PM-kanaal, sadat de betsjinning fan beide brêgen better makke wurde kin. Dat sei deputearre Sietske Poepjes woansdei by de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

It CDA hie fragen steld oer de rûnwei fan De Lemmer en de betsjinning fan beide brêgen. Dy soe net goed wêze. Poepjes dielt dy soarch. De PM-brêge is de ferantwurdlikeid fan Rykswettersteat en de Sylroedebrêge fan de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)