Pasjinten Q-koarts moatte harren net dellizze by útspraak

De Fryske Q-koarts pasjinte Petra Huisman fan Drachten fynt dat Q-koarts slachtoffers harren net dellizze moatte by de útspraak fan de rjochter. Dy bepaalde woansdeitemoarn dat de oerheid net tekoart sjitten is yn de foarljochting oer Q-koarts. Ek de maatregels dy't de oerheid nommen hat wienen neffens de rjochter foldwaande.
Trijehûndert pasjinten hienen de Steat foar de rjochter sleept. Sy fine dat de oerheid skuldich is oan harren sykte, omdat se fierstente lang wachte hawwe mei it nimmen fan maatregels.
Sy easken erkenning en kompensaasje. Yn Fryslân binne in tsiental Q-koarts pasjinten. De sykte bruts yn 2007 út yn de súdlike provinsjes en letter yn it hiele lân. De epidemy waard ferspraat fia besmette geitehâlderijen. Offisjeel binne der yntusken mear as 75 minsken ferstoarn oan de sykte.