Ursi Frehner nij steatelid D66

25 jan 2017 - 10:57
Ursi Frehner - Foto: Provinsje Fryslân

Ursi Frehner fan Bantegea is fan 'e moarn beëdige ta steatelid fan D66. Sy is beneamd yn it plak fan Marieke Vellinga-Beemsterboer, no't dy fraksjefoarsitter is fan de D66-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Frehner wie earder fraksjefoarsitter fan D66 yn de eardere gemeente Lemsterlân, no De Fryske Marren. Frehner is kommisjelid yn de nije gemeente. Sy is berne yn Switserlân, mar wennet al 33 jier yn Fryslân.

Marieke Vellinga hat sûnt maart 2015 diel útmakke fan Provinsjale Steaten. Mei tank oan har sil der in Fryske Underwiisdei komme en hat se de 'laaggeletterdheid' by de provinsje op de kaart setten. Ien op de sân Friezen kin net goed lêze en of skriuwe en dêr moat wat oan dien wurde, seit Vellinga.

Trefwurden: 
Ursi Frehner steatelid D66
(advertinsje)
(advertinsje)