Kensington en Bløf spylje op Oerrock

25 jan 2017 - 10:38

Op de 18de edysje fan Oerrock komme de Nederlânske bands Kensington en Bløf. Ek binne der op de earste dei fan it festival optredens fan ûnder oare Douwe Bob, Miss Montreal, Danny Vera en Jelle B. Oerrock is op 25, 26 en 27 maaie yn Oerterp. De online foarferkeap is woansdei begûn.

Dit jier komt der in grutter poadium mei better sicht foar it publyk. De âlde feesttinte wurdt ferfongen troch in 13 meter hege festivaltinte. Ek komme der mear hoarekapunten om de festivalgongers noch rapper helpe te kinnen.

Wiis

Foarsitter Sietze Boonstra fan Oerrock is tefreden oer de line-up. "Kensington komt voor het tweede jaar op rij, maar is op dit moment de beste band van Nederland. Ze spelen niet voor niets Ziggo Dome vijf avonden vol. Met Kensington hebben we een absolute topact in huis." Ek mei Bløf is er wiis. De Siuwske band iepenet it festival. "Voor een goede band komen mensen graag eerder naar het festival. We vinden het een eer dat Bløf bereid is als openingsact op te treden. Normaliter komt Bløf alleen als afsluiter. Dat zij Oerrock willen openen, onderstreept de ontwikkeling en de reputatie van ons festival."

Freed

It programma foar de freed, dy't tradisjoneel fergees te besykjen is, is noch net bekend. De ynfolling fan dy jûn wurdt pas bepaald as de kaartferkeap dien is. "Maar net als in de afgelopen jaren garanderen we een line-up die de moeite waard is om naar Oerrock te komen," seit Sietze Boonstra.

Tribute

Op sneon steane tributebands op it poadium lykas ûnder oare Feuerengel (Rammsteinn), The Bruceband (Bruce Springsteen), Rootsriders (Bob Marley), Total Who Show (The Who), Musest (The Muse), Best Of Foo (Foo Fighters), Bleach (Nirvana) en Electric Gypsies (Jimi Hendrix).

Play-Offs

De finale fan de Play-Offs is 25 maart yn MFC De Wier yn Oerterp. De nûmers 1 en 2 fan dy Play-Offs spylje ek op it festival.

Trefwurden: 
Oerrock Oerterp
(Advertinsje)
(Advertinsje)